Play Zone

Earste klasse jazzkaartsje nei ... Parys

Peter Beets & New Jazz Orchestra

2:00 PM - 3:00 PM FB Oranjewoud Paviljoen
2:00 PM - 3:00 PM FB Oranjewoud Paviljoen

Klassike muzyk en jazz hawwe inoar altyd yn Frankryk beynfloede. Oan it begjin fan 'e tweintichste iuw kaam Frankryk as earste lân yn Jeropa yn 'e kunde mei jazz út Amearika. It liet syn spoar efterlitten op de muzyk fan klassike komponisten as Saint-Saëns, Debussy en Ravel.

Mei swing, blues en ymprovisaasje jout it New Jazz Orchestra in eigen draai oan dit Frânske klassike repertoire. Sit werom, ûntspanne en genietsje fan de revolúsjonêre krúsbestuiving tusken beide sjenres.

New Jazz Orchestra

New Jazz Orchestra is in achttjin-koppige big band ûnder lieding fan wrâldpianist Peter Beets. Mei syn útbundich spul lit er it orkest skitterje en tilt er de muzikanten nei it heechste nivo. Wylst de leden fan de band graach útdage wurde troch harren lieder, is it foar him in eare om mei de top fan de nije Nederlânske jazzgeneraasje te spyljen. Peter Beets wurdt yn sawol Nederlân as New York erkend as in fenomenaal jazzpianist. Hy spile mei grutten as Chick Corea, Wynton Marsalis en Roy Hargrove.

Executives

Programma

La lugubre gondel

Flower Duet

Carmen

Violon

Le petit noir

C'est ainsi que tu es

Les Chemins de l'Amour

Nuit d'Etoiles

Pavane

Nijs fan Oranjewoud Festival yn'e  e-mail krije?
Meld dy oan en ûntfang ús digitale nijsbrief geregeld (mar net te faak).

Folgje #OranjewoudFestival

Oranjewoud Festival is in tagonklik, alsidige en stimulearjend muzykfestival yn it mearke lânskip Oranjewoudpark by It Hearrenfean (Fryslân) | 30 mei t/m 2 juni 2024

Dizze webside brûkt cookies om de brûkersûnderfining te ferbetterjen. Troch ús webside te brûken, akseptearje jo alle cookies yn oerienstimming mei ús cookiessbelied. Mear oer ús cookiebelied