Einleaze wille mei tagonklike optredens , fan klassyk oant klezmer.

Dizze edysje kinne jo genietsje fan in optreden fan de popsusters Clean Pete mei harren Classical Revue. Singer-songwriter Wallis Bird en de 'klassieke band' SPARK presintearje in ferfrissend programma mei 1.000 jier froulike muzykkeunst. Fierder is Yoga in Concert werom en komt de meast firtuoaze sigeunerfioelist fan 'e wrâld Lajos Sárközy mei. Nynke Laverman en it Ragazze Quartet geane op it poadium mei Plant Bloom Sessions, ORBI slaat in brêge tusken symfonyske rock, metal en klassike muzyk en de Amsterdam Klezmer Band slút it festival mei in knal ôf.

Besjoch it hiele programma

Nijs fan Oranjewoud Festival yn'e  e-mail krije?
Meld dy oan en ûntfang ús digitale nijsbrief geregeld (mar net te faak).

Folgje #OranjewoudFestival

Oranjewoud Festival is in tagonklik, alsidige en stimulearjend muzykfestival yn it mearke lânskip Oranjewoudpark by It Hearrenfean (Fryslân) | 30 mei t/m 2 juni 2024

Dizze webside brûkt cookies om de brûkersûnderfining te ferbetterjen. Troch ús webside te brûken, akseptearje jo alle cookies yn oerienstimming mei ús cookiessbelied. Mear oer ús cookiebelied