Expedition Zone

SoundLAB & Yuri Landman

10:00 - 17:00 Museum Belvedere
10:00 - 17:00 Museum Belvedere

Muzyk is in wichtige boarne fan ynspiraasje foar in protte artysten. Guon brûke eigenskippen fan muzyk lykas ritme, kontrast en werhelling yn har wurk. Oaren sjogge kleuren en foarmen by it harkjen nei muzyk. Mei de ynstallaasjes fan SoundLAB en Yuri Landman ûndersykje jo hoe't byld en lûd tegearre in nij ferhaal foarmje.

Mikalojus Konstatinas Čiurlionis fûn yn syn wurk in symbioaze tusken byldzjende keunst en muzyk, en brûkte foarmen út de muzykteory as basis foar syn byldtaal. Syn wurk is te bewûnderjen yn de eastfleugel fan it museum, en yn de westfleugel kinst dyn yndrukken ta lûd ferwurkje troch op de SoundLAB-ynstruminten te spyljen of de ynstallaasje fan Factory Music.

Rin troch it museum en ferwurke mei de SoundLAB-ynstallaasjes dyn yndrukken fan ûnder oaren Harjo Neutkens en Djurre Duursma ta selsmakke lûden. Untdek de ferskillende lûdwrâlden en meitsje tegearre nije muzyk.

Makkers

Nijs fan Oranjewoud Festival yn'e  e-mail krije?
Meld dy oan en ûntfang ús digitale nijsbrief geregeld (mar net te faak).

Folgje #OranjewoudFestival

Oranjewoud Festival is in tagonklik, alsidige en stimulearjend muzykfestival yn it mearke lânskip Oranjewoudpark by It Hearrenfean (Fryslân) | 12 oant 15 juny 2025

Dizze webside brûkt cookies om de brûkersûnderfining te ferbetterjen. Troch ús webside te brûken, akseptearje jo alle cookies yn oerienstimming mei ús cookiessbelied. Mear oer ús cookiebelied