Expedition Zone

Vers la lumière (premiêre)

10:00 - 17:00 Museum Belvedere
10:00 - 17:00 Museum Belvedere

Op de koartste dei fan 2020 begûn komponist Miranda Driessen mei in nij wurk ûnder de titel Vers la Lumière. It plan wie om oant 21 desimber 2021 alle dagen by sinne opgong in koarte fjildopname te meitsjen yn it Lumière Park, direkt tsjinoer de Floriade yn oanbou. Alle wiken hat se dit bewurke ta in stik musique concrète fan likernôch 7 minuten.

De ynstallaasje Vers la lumière dy't se dêrnei makke mei filmmakker Toon de Zoeten is basearre op in wiskundige yndieling fan tiid fan Dom van der Laan (lykas Sanctuary of Sound, har oare wurk op it festival). It bestiet út projeksjes op doeken dy't yn 'e keamer hingje. It publyk kin op kessens op de flier sitte en efkes dreame of meditearje.

Vers la Lumière is in besinning oer de wrâld om ús hinne dy't troch de pandemy as yn in soarte fan sliepende dea stilstien kaam, mar hieltyd wer wekker waard.

Keunstners

Dizze komposysje en audiofisuele produksje binne mei mooglik makke troch Buma Cultuur, Dutch Composers NOW en it ministearje fan Underwiis, Kultuer en Wittenskip.

Nijs fan Oranjewoud Festival yn'e  e-mail krije?
Meld dy oan en ûntfang ús digitale nijsbrief geregeld (mar net te faak).

Folgje #OranjewoudFestival

Oranjewoud Festival is in tagonklik, alsidige en stimulearjend muzykfestival yn it mearke lânskip Oranjewoudpark by It Hearrenfean (Fryslân) | 30 mei t/m 2 juni 2024

Dizze webside brûkt cookies om de brûkersûnderfining te ferbetterjen. Troch ús webside te brûken, akseptearje jo alle cookies yn oerienstimming mei ús cookiessbelied. Mear oer ús cookiebelied