By it slotkonsert sille bariton Thomas Oliemans en Amsterdam Sinfonietta Formidable! op reis troch Frankryk, wêryn't chansons ôfwikselje mei klassike wurken fan Frânske grutmasters.
As jonge song bariton Thomas Oliemans al mei de stjerren fan it Frânske chanson, tanksij de LP-kolleksje fan syn heit. No in ferneamde operasanger dy't optreedt yn grutte operahuzen oer de hiele wrâld, komt er mei Amsterdam Sinfonietta werom nei syn iere passy: it Frânske chanson.
Populêre en minder bekende wurken, fariearjend fan Jacques Brel oant Barbara en fan Charles Trenet oant Stromae, wikselje ôf mei klassike wurken foar snaren fan Ravel, Rameau, Debussy en Fauré. Se yllustrearje it ûnmiskenbere en duorsume Frânske klankidioom yn sawol 'hege' as 'lege' keunstfoarmen troch de ieuwen hinne.
Programma
César Franck – Variations symphoniques
Hubert Giraud – Sous le ciel de Paris
Charles Trenet – Boum!
Aznavour & Stromae – For me formidable – Formidable
Léo Ferré – Avec le temps
Maurice Ravel – Blues uit vioolsonate
Serge Reggiani – Il suffirait de presque rien
Michel Legrand – Paris violon
Maurice Ravel – Assez vif, très rhythmé, uit strijkkwartet in F
Yves Montand – À bicyclette
Jean Philippe Rameau – Les fêtes d’Hébé
Mika – C’est la Vie
Edith Piaf – La vie en rose
Claude Debussy – Beau soir
Barbara – L’île aux mimosas
Gilbert Bécaud – Et maintenant
Jacques Brel – Mathilde
Performers
- Amsterdam Sinfonietta Mear oer www.sinfonietta.nl
- Candida Thompson, leiding & viool Mear oer www.candidathompson.com
- Thomas Oliemans, bariton en piano Mear oer www.thomasoliemans.info
