Ferbining is in ynstallaasje fan Bart Ensing mei triedden yn beammen. Yn opdracht fan it festival makket er sa'n keunstwurk yn de monumintale beuk healwei de Overtuin. Trochdat de triedden oan de iene kant de ûnregelmjittige foarmen fan de tûken folgje en oan de oare kant yn strakke parallelle paden liede, ûntstiet der in spannende tsjinstelling tusken geometryske en organyske patroanen. De ynstallaasje noeget subtyl út foar ynteraksje troch iepen romten te litten dêr't jo as besiker troch en foarby kinne. Jûns komt der in metamorfoaze as it wurk ferljochte wurdt, wat it in folslein oare betsjutting jout.
Descend is in ynstallaasje dy't Ensing makke foar de KunstWandelRoute Hummelo 2020. It lit in searje froulju, wetternimfen, opstijgen út in poel wetter. It wurk giet oer de relaasje tusken minske en natuer. Op elke lokaasje wurde de nimfen sa pleatst dat se in sinfolle relaasje mei it lânskip oangeane. Yn it gefal fan de Overtuin lykje de froulike figueren de fiver te boppe te gean.
Artyst
- Bart Ensing Mear oer www.bartensing.com