Giovanni Sollima is in wiere sello-virtuoos en in bûtengewoane komponist. Hy kommunisearret mei muzyk dy't barsten mei Mediterrane ritmes, typyske Italjaanske meldijen en beslacht alle stilistyske perioaden: fan barok oant metal.
Sollima fiert benammen eigen komposysjes út en draacht sadwaande in protte by oan it ta stân kommen fan nij repertoire foar de sello. Syn publyk is tige ferskaat en fariearret fan klassike muzykleafhawwers oant jonge metalheads. Giovanni Sollima spilet se allegear plat. Njonken eigen wurk en in pear tradisjonele lieten spilet Sollima yn Oranjewoud komposysjes fan Jean Sibelius, Jimmy Hendrix en Johann Sebastian Bach.
- Giovanni Sollima, cello Mear oer www.giovannisollima.com/lets-start