Twadde Atlas Residency begjint
Fan freed 24 maaie oant en mei snein 2 juny is it Atlas Ensemble te gast foar in twadde residinsje by Oranjewoud Festival mei in folslein nije formaasje: sechstjin blaasynstruminten en twa slachwurkers fan oer de hiele wrâld. It is ûnderdiel fan in mearjierrich proses inisjearre troch Oranjewoud Festival en ûntwikkele tegearre mei komponist Joël Bons .
Yn 2019 wûn Bons de prestisjeuze Grawemeyer Award for Music Composition (Nobelpriis foar Muzyk), foar syn komposysje Nomaden . It Atlasprojekt is dêr in ferfolch op en hat as doel om stadichoan in transkultureel Atlas Orkest te ûntwikkeljen, besteande út 40 muzikanten. In ûnhearde wrâld fan lûd wurdt iepene. Op 21 juny 2025 makket it orkest syn debút yn it Amsterdamske Konsertgebou tidens de NTR Saturday Matinee yn gearwurking mei it Holland Festival.